"Tal ynsidinten troch betize minsken yn fiif jier ferdûbele"

09 feb 2016 - 22:24
  • Dakleaze

De plysje yn Noard-Nederlân hat de hannen fol oan minsken dy't yn 'e war binne en dan problemen yn de mienskip feroarsaakje. Yn de ôfrûne fiif jier is it oantal ynsidinten troch minsken mei psychyske problemen mear as ferdûbele.

Yn 2011 waard oanjefte dien fan goed 4600 ynsidinten tsjinoer hast 9500 yn it jier 2015. Neffens de plysje is it in komplekse saak, om't betize minsken faak ek problemen op oare gebieten hawwe.

Yn it noardlik plysjedistrikt wurdt op dit stuit al wurke oan in mienskiplike oanpak fan betize minsken, dy't gjin soarch mear krije en op strjitte bedarje. De oerlêst dêrfan nimt ta, fernimme ek de Fryske boargemasters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)