Tal WW-útkearings Fryslân minder wurden yn augustus

17 sep 2015 - 11:36

It tal WW-útkearings yn Fryslân is yn augustus nei ûnderen gien. De delgong folget op in sterke stiging yn july. Yn dy moanne waarden in protte tydlike kontrakten yn de bou en it ûnderwiis net ferlingd.

Fryslân hat fan alle Noardlike provinsjes de sterkste delgong fan it tal WW-útkearings. Ek yn fergelyk mei ferline jier giet it tal útkearings nei ûnderen. Yn augustus krigen benammen minsken yn de bou, de saaklike tsjinsten, de útstjoersektor en de yndustry wer nij wurk.

Mei de delgong fan it oantal WW-útkearings is de delgeande trend troch it ekonomysk herstel wer oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)