Tal WW-útkearings bot tanaam

21 feb 2013 - 12:22

In kwart mear minsken hat yn jannewaris 2013 in WW-útkearing yn fergelyk mei jannewaris 2012. De grutste klappen falle yn de gemeente Gaasterlân-Sleat mei in taname fan goed 57%. Ek heech wiene Skarsterlân en It Bilt. De measte WW-oanfragen kamen út de bou, de finansjele en de saaklike tsjinstferliening en út soarch en wolwêzen.

By in ferliking tusken desimber 2012 en jannewaris 2013 is Achtkarspelen it slimst troffen mei 20% mear WW-útkearings. Yn hiel Fryslân wie de taname 11%. Dat is heger as it lanlik trochsneed fan goed 8%.

De sifers waarden tongersdei bekend makke troch útkearingsynstânsje UWV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)