Tal wurkleazen sjit omheech

18 sep 2003 - 00:00

De wurkleazens yn Fryslân is it ôfrûne jier mei hast 28 persint tanommen. Fryslân is wat de taname oanbelanget de koprinner foar Noard-Nederlân. Dat makke it CWI, it sintrum foar wurk en ynkommen, tongersdei bekend.

Grinslân hat noch hieltyd de heechste wurkleazens fan it Noarden, nammentlik 12,3 persint. Foar Fryslân en Drinte binne dy sifers 10,5 en 10 persint. Fan 'e stêden hat Ljouwert de measte wurkleazens, folge troch Grins en Emmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)