Tal wurkleazen rint 17% tebek

16 aug 2007 - 11:40

It tal wurkleazen yn Fryslân is yn ien jier tiid mei 17 % werom rûn. Ein july sochten mear as 21.000 minsken om wurk; in jier lyn wiene dat der noch 25.500. Yn fergeliking mei juny is it tal wurkleazen wol in bytsje tanommen.

De sifers komme fan it CWI, it sintrum foar wurk en ynkommen. It persintaazje foar Fryslân leit no op 7,6 %, dat wie in jier lyn noch 9,2 %. Grinslân hat it heechste wurkleazenssifer fan Nederlân mei 9,5%, Drinte hat 8,0 %.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)