'Tal ûntslaggen LPF net dúdlik'

14 feb 2004 - 00:00

It fakbûn CNV hat noch gjin goed sicht op it tal ûntslaggen by it Ljouwerter Papierfabryk, LPF. Ien fan de 2 bv's, LPF Flexible Packaging, giet oer nei it susterbedriuw yn Gruttegast. 100 wurknimmers út Ljouwert moatte nei Grinslân. Mar dêr is net plak foar elk.

De oare bv, LPF Boxes, sil nijbouwe yn Ljouwert. Hjir wurkje ek 100 minsken. It is lykwols de fraach oft der wurk bliuwt foar al dy minsken. Op 24 febrewaris praat it CNV mei de direksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)