Tal toeristen bliuwt gelyk

24 apr 2009 - 14:11

It tal toeristen dat yn 'e maaiefakânsje nei Fryslân komt, is foar it earst sûnt jierren stagnearre. Dat seit direkteur Van Gessel fan Fryslân marketing. De ôfrûne jierren naam it tal toeristen hieltiid flink ta; no is sprake fan stabilisaasje.

Fryslân docht it wol better as de rest fan Nederlân. Mar trochdat mear bûtenlanners harren fakânsje yn eigen lân trochbringe, is de groei der hjir no út. Ek de ekonomyske krisis hat ynfloed, sa seit Van Gessel

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)