Tal taskôgers ONS-Ajax ûnwis

05 okt 2012 - 17:09
  • ONS-Ajax
  • ONS

It is noch ûnwis oft der wol 8000 supporters by de bekerwedstriid ONS Snits tsjin Ajax wêze kinne. Dêrfoar moat in tribune boud wurde op it fjild en de plannen dêrfoar lizze noch op besjen by de plysje en de gemeente. De bekerwedstriid is woansdei 31 oktober, op it eigen fjild, flak by de âlde Tonnemafabriken. Sneon om 9 oere begjint de kaartferkeap, mar der wurde foar de wissichheid earst mar 4 oant 5000 kaarten ferkocht.

Benammen de feilichheid en de ôfwikkeling fan it ferkear binne noch punten dy't mei de gemeente besjoen wurde moatte.

Fan 'e wike hat der foar it earst oerlis west mei de gemeente. Der binne yn alle gefallen hast 180 stewards nedich. Dy komme ûnder oaren fan Sportklup Hearrenfean, mar ek fan Ajax. Ajax hat frege om 400 kaarten foar de wedstriid. Om televyzjeopnames mooglik te meitsjen, moatte der ekstra ljochtmêsten pleatst wurde. Ek dêr wurdt noch oan wurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)