'Tal skriezepearen útwreidzje'

19 jul 2006 - 12:00

Yn 2020 moatte der 25.000 skriezepearkes briede yn Fryslân. Dat binne der 6000 mear as no it gefal is. Boppedat wol de provinsje dat de ljippestân him stabilisearret op it nivo fan dit jier: sa'n 30.000 pearkes.

Ien en oar stiet yn it wurkplan greidefûgels yn Fryslân 2007-2013 fan de provinsje. Der sil tenei mear dien wurde mei 'mozaïkbehear'. Dat hâldt yn dat in boer guon stikken lân net meand en de skries dêr rêstich briede kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)