Tal skiere guozzen ferdûbele

25 nov 2011 - 14:57
  • Guozzen

It tal skiere guozzen dat ek simmerdeis yn en om Fryske natoergebieten ferbliuwt, is ferdûbele sûnt de lêste telling yn 2009. Dat hat ûndersyk yn opdracht fan de provinsje oanwiisd. De guozzen binne yn july dit jier teld troch ûnder oare frijwilligers fan Wyldbehearienheden, mar ek troch meiwurkers fan natoerbehearders lykas Steatsboskbehear. Neffens deputearre Kramer leit it gruttere tal wol ekstra druk op 'e diskusje oer de oanpak fan de oerlêst foar boeren troch guozzen.

Der wurdt op dit stuit wer hurd neitocht oer in provinsjale oanpakt no't in lanlik akkoart oer it guozzeprobleem net hielendal út de ferve driget te kommen. Takom moanne hâldt de provinsje mei saakkundigen de sifers nochris tsjin it ljocht. Yn 2009 wiene der 19.000 skiere guozzen en no seker 38.000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)