Tal sike ipen neffens ferwachting Iepenwacht Fryslân

25 jun 2015 - 20:26
  • It ideaalbyld: sûne ipen yn it fjild

De Stichting Iepenwacht Fryslân is wer fan start gien mei de jierlikse ynspeksje nei sike ipen. Oant en mei ein septimber binne fiif ynspekteurs beskikber om meldings ôf te hanneljen. Dizze kinne trochjûn wurde fia de webside fan Iepenwacht Fryslân.

It tal meldings is noch net sa heech. Dat hat te krijen mei it waar oant no ta. It is te kâld foar de tuorre (kever) dy't foar de fersprieding soarget. In sike yp falt op troch brune blêden. Yn 2005 wie noch sa'n 10% fan de ipen yn de provinsje siik. No is dat noch 1%.

Dêrmei is de doelstelling helle. Iepenwacht Fryslân giet wol troch mei it plantsjen fan nije ipen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)