Tal opstapplakken learlingeferfier yn DFM wurdt feiliger

24 feb 2016 - 16:35
  • De aksjefierders kamen earder mei 1100 hantekeningen nei it gemeentehûs

De gemeente De Fryske Marren ferpleatst in diel fan syn opstapplakken foar learlingen yn it spesjaal ferfier. By in kontrôle hat bliken dien dat de opstapplakken yn Balk en Eastersee net feilich en beskutte genôch binne.

De gemeente ferpleatst de plakken dêrom nei sealesintrum De Treemter yn Balk en de iepenbiere basisskoalle yn Eastersee. Mei de behearders fan dy plakken binne yntusken ôfspraken makke, ek binne de âlden op 'e hichte brocht.

By de plakken stappe bern moarns yn de buskes dy't har nei it spesjaal ûnderwiis bringe en se wurde der oan de ein fan de dei ek wer ôfset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)