Tal nijbouwenten bot sakke

23 mrt 2010 - 13:40

It tal wenten dat yn Fryslân ferline jier ôfboud is, is spektakulêr sakke neffens 2008. It giet om in ferskil fan mear as trittich prosint. Yn totaal binne der 1940 wenten oplevere en dat is gâns minder as yn 2008. Dat is tsjin de lanlike trend yn.

Yn hiel Nederlân binne dochs noch reedlik wat nije keapwenten boud en ek de wenningboukorporaasjes ha net stil sitten. Yn Fryslân dogge beide sektoaren it min. De foarútsjoggen binne noch minder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)