Tal meldings sedesaken stabyl

16 feb 2012 - 16:41

Ferline jier binne yn Fryslân 823 meldings fan sedesaken dien. Dat fariearret fan misbrûk oant it delheljen fan berneporno fan ynternet. Dêrmei is it tal meldings yn sedesaken reedlik stabyl te neamen. Der wurdt wol hieltyd minder oanjefte dien.

De ynfloed fan ynternet is dúdlik te fernimmen. De ôfdieling sedesaken fan de plysje sjocht dat benammen jongeren dy't grut wurde yn de ynternetwrâld wraksjele mei grinzen. Al in pear jier skommelet it tal meldings fan sedesaken tusken de 800 en 1000 yn it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)