Tal leppelbekken nimt hieltyd ta

27 jun 2002 - 00:00

It giet goed mei de leppelbekken (lepelaar). It tal briedpearen is tanommen. Op Skiermûntseach sitte goed 200 pearkes. Yn it hiele Waadgebiet binne mei elkoar 900 fûgels.

De lêste tweintich jier is it tal leppelbekken njoggen kear safolle wurden. Neffens Natuurmonumenten hat de groei te krijen mei de rêst op it Waad. Dêr is foldwaande iten foar de bisten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)