Tal kraanfûgels nimt ta

16 jun 2014 - 18:30

It tal kraanfûgels yn it Fochtelerfean groeit noch altyd. Foar it 14e jier op rige briede de fûgels yn it natoergebiet en de teller stiet yntusken op mar leafst njoggen pearkes, wêrfan't seis op aaien sitte. Sûnt hieltyd mear stikken fan it gebiet ûnder wetter set wurde, sjogge tellers dat it tal fûgels tanimt. Njonken de njoggen pearkes libje der noch santjin oare kraanfûgels yn it Fochtelerfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)