Tal komasûpers nimt ta

22 sep 2009 - 12:07
  • Dit jier al 21 komasûpers behannele

Sikehûs MCL hat oant no ta al 21 gefallen fan komasûpende jongeren behannele. Dat is likefolle as ferline jier yn totaal. It giet om bern tusken de 12 en 16 jier dy't fan de wrâld reitsje troch it drinken fan te folle alkohol. De sifers passe yn it lanlik byld.

It MCL yn Ljouwert is ien fan de Nederlânske sikehûzen mei in spesjale alkoholpoly. Bernedokter Tjalling de Vries hat gjin dúdlike ferklearring foar de groei fan it tal komasûpers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)