Tal kokkels rint werom

13 jun 2003 - 00:00

Der binne fierstentemin kokkels yn de Waadsee. Dat docht neffens de Waad- feriening bliken út in jierlykse ynventarisaasje fan it tal kilo's kokkelfleis. Yn fiif jier tiid is der in weromgong te sjen fan 115 miljoen nei 7 miljoen kilo kokkelfleis.

De kokkelfiskers binne it der net mei iens. Mei de moksels derby is der 17 miljoen kilo skulpefleis te finen yn de Waadsee, en dat is rom boppe it minimum fan 10 miljoen kilo dat der lizze moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)