Tal kear rydbewiis ynnommen

08 mrt 2010 - 10:39

In grut tal automobilisten moasten it ôfrûne wykein harren rydbewiis ynleverje. Op de rûnwei om Snits hinne waard in automobiliste betrape, doe't sy 147 kilometer yn it oere ried. Op dy dyk is 80 kilometer tastien.

Op de Bovenweg yn Aldeberkeap waard it rydbewiis fan in man ynnommen. Hy ried 154 kilometer wylst dêr 80 tastien is. En op de sneldyk by Akkrum moasten in man út Akkrum en in man út Ljouwert it rydbewiis ynleverje. Se riden 180 kilometer wylst dêr 120 tastien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)