Tal ikeprosesjerûpen yn Fryslân alwer groeid

29 nov 2015 - 10:37
  • Ikeprosesjerûp

Noard-Nederlân krijt hieltyd mear lêst fan de ikeprosesjerûp. It tal rûpen gie fan 't simmer yn Fryslân mei 10 persint omheech yn fergelyk mei ferline jier. En yn fergelyk mei 2013, is de groei mar leafst 65 persint. Ek yn Grinslân is sprake fan in fikse groei. Dat stiet yn it jieroersjoch fan it Wageningse kennissintrum NatureToday.com.

Ikeprosesjerûpen litte brânhierkes los, dêr't minsken hûdyrritaasje en ûntstutsen eagen fan krije kinne. Flinters fan de rûpen hawwe dit jier troch de oanhâldende waarmte langer flein as ea.

NatureToday.com ferwachtet dêrom dat der takom jier in hiel soad oerlêst wêze sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)