Tal guozzen moat ôfnimme

12 apr 2012 - 11:25

Mei it prikken fan 'e aaien moat it tal guozzen yn Fryslân de kommende jierren mei 25 persint ôfnimme. Op dit stuit binne der noch goed 40.000 guozzen yn Fryslân. Lanlik soargje guozzen foar miljoenen skea oan lânbou- en natoergebieten soargje.

Provinsje, natoerbeskermers en boeren wurkje mei elkoar gear om sa de populaasje fan de guozzen te ferminderjen. Mei elkoar sille tusken de 40.000 en 50.000 aaien prikt wurde moatte. Dat foarkomt dat aaien mei sukses útbret wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)