Tal fûgels bot ôfnommen

10 sep 2012 - 19:31

De ôfrûne fyftich jier is it tal fûgels op boerelân mei 60% ôfnommen. Op ien kante kilometer sieten yn 1960 noch tûzen fûgels, wylst dat no trijehûndert binne. Dat docht bliken út tellings fan SOVON dat de ûntwikkeling fan fûgels byhâldt.

De ûndersikers hoopje dat de polityk troch de minne sifers aksje ûndernimt. It giet benammen om de ljurk, patriis en simmertoartel. It tal skriezen is de lêste fyftich jier ek mei 70% ôfnommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)