Tal Frysk-praters rint werom

03 aug 2006 - 14:56

It tal Friezen dat de eigen taal sprekt, is sûnt 1995 mei hast tweintich persint ôfnaam. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Radboud Universiteit. Oer it generaal nimt it tal sprekkers fan in streektaal ôf.

De ûndersikers ha gegevens sammele fan 35.000 skoalbern en har âlden. Alex Riemersma fan it Berie foar it Frysk dielt de soargen. Mar hy tinkt dat streektalen har wol liene om te brûken op bygelyks ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)