Tal frijwilligers gelyk bleaun

19 jul 2006 - 12:03

It tal minsken yn Fryslân dat frijwilligerwurk docht, is de lêste fjouwer jier by de measte organisaasje frijwol gelyk bleaun. Dat docht bliken út in ûndersyk yn opdracht fan de provinsje.

Mear as 140.000 minsken ha dêr oan meiwurke, ferdield oer 6000 organisaasjes. Neffens it ûndersyk falt de helte fan de frijwilligers yn de leeftydskategory 25-55 jier. Ien op de 10 jongeren docht frijwilligerswurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)