Tal ferkearsslachtoffers daalt

11 sep 2001 - 00:00

It tal ferkearsslachtoffers yn de gemeente Smellingerlân is de ôfrûne jierren sensasjoneel minder wurden. 15 jier lyn foelen der noch 170 slachtoffers yn in jier, yn 2002 wiene dat der noch mar 110.

Dêrmei hellet Smellingerlân de provinsjale doelstelling fan 25 persint minder slachtoffers. It súkses liket te danken wêzen oan maatregels dy't nommen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)