Tal ferkeardeaden nimt net ôf

13 feb 2003 - 00:00

Hast de helte fan 'e Fryske gemeenten is der de lêste fiif jier net yn slagge it tal ferkearsslachtoffers te ferminderjen. Fan 'e 31 gemeenten hiene fjirtjin sukses, sa stelden NHL- studinten fêst yn in ûndersyk. Benammen 30-km-sônes en it belied kinne better. It rapport is tongersdei presintearre.

Eaststellingwerf, Tytsjerksteradiel en Smellingerlân hawwe it bêste ferkearsbelied. Oare gemeenten moatte mear gebrûk meitsje fan subsydzjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)