Tal feanheabistjes nimt ta

12 sep 2009 - 14:12

It oantal feanheabistjes yn it Fochtelderfean nimt noch hieltyd fierder ta. Dat docht bliken út sifers fan De Vlinderstichting. Dy hat yn hiel Nederlân 1600 eksimplaren fan de flintersoarte teld, dat binne der 100 mear as ferline jier.

It grutste part fan har sit yn it Fochtelderfean. Dat de flinters dêr in soad foarkomme is omdat it gebiet noch in soad fean hat. Op de measte oare plakken in Nederlân is dat yntusken ferdwûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)