'Tal drop-outs ûntrêstigjend'

08 feb 2004 - 00:00

It tal learlingen yn de Wâlden dat sûnder diploma fan skoalle giet, is ûntrêstigjend. Dat seit wethâlder Pultrum fan Smellingerlân. Foaral yn de leeftiid fan 17 o/m 23 is it tal 'drop- outs' bot tanaam: fan 300 nei sawat 700.

Neffens Pultrum tinke jongelju te faak dat se mear fertsjinje kinne as se fan skoalle gean. Dat wylst in oplieding op lange termyn mear opsmyt. It oanstellen fan trajektbegelieders hat oant no ta noch net folle opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)