Tal dielnimmers HT-sylrace nimt wer wat ta

28 maaie 2015 - 08:20
  • HT-sylrace

De HT-sylrace tusken Harns en Skylge hat dit jier 140 dielnimmende skippen. Dat is krekt in bytsje mear as de oare jierren. Earder diene ek wolris 200 sylskippen oan de wedstriid mei, mar troch de krisis is dat tal bot ôfnaam. No wurde it súntsjesoan wer wat mear.

De HT-sylrace set tongersdeitemoarn om healwei njoggenen útein yn it Kimstergat by Harns. De wedstriid wurdt dit jier foar de 69e kear hâlden. It is ien fan de grutste seesylwedstriden fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)