Tal bioboeren nimt stadichoan ta

30 jul 2001 - 00:00

It tal biologyske boeren nimt stadich mar wis ta. Tusken 1999 en 2000 kamen der 120 bedriuwen by. Dêrtroch stiet it totaal no op 906 bio-agrariërs. It CBS hat dy sifers moandei bekendmakke.

De taname is benammen te tankjen oan feehâlders dy't biologysk wurde. Yn oare Europeeske lannen binne folle mear bioboeren. Dat Nederlân achterrint, komt troch de tradysje fan yntensive lânbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)