Tal banen yn Fryslân is de lêste jierren ôfnaam

08 des 2015 - 10:43

It tal banen is yn Fryslân tusken 2010 en 2014 mei sa'n 6,5 prosint ôfnaam. Dat docht bliken út de meast resinte sifers fan it CBS. Hjirmei is de situaasje yn Fryslân relatyf sjoen it minste fan Nederlân. Nei Fryslân, docht Flevolân it mei in efterútgong fan 5,8 prosint, it ek min.

Ek by de groei yn banen yn 2014 docht Fryslân it it minste. Yn alle provinsjes is it tal banen yn 2014 tanaam, mei útsûndering fan Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)