Tal banen licht tanommen

18 sep 2006 - 12:45

It tal banen yn Fryslân is ferline jier licht tanommen. Yn 2004 rûn it tal banen noch werom, mar ferline jier binne der 1300 banen bykaam, in groei fan in heal persint. Mei-inoar wiene der ein 2005 233.000 banen yn Fryslân.

Ien en oar docht bliken út sifers fan it Centraal Buro voor de Statistiek. Der binne foaral banen yn de sûnenssoarch en yn de útstjoersektor bykaam. Yn de yndustry en hannel giene banen ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)