Tal allochtoanen yn Fryslân fier ûnder lanlik gemiddelde

08 des 2015 - 11:46

Fryslân hat in stik minder allochtoanen as de rest fan Nederlân. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan it Fries Sociaal Plan Bureao. It lanlik gemiddelde leit op 22%, wylst yn Fryslân mar 9 prosint fan de befolking fan allochtoane ôfkomst is. De measte fan dizze minsken binne fan Dútske of Yndonezyske komôf.

Ljouwert

Ljouwert is it plak mei de measte allochtoanen, hast ientredde fan it totaal wennet yn de Fryske haadstêd. Opfallend is ek dat de measte Dútse allochtoanen yn it Fryske marregebiet, by de Iselmar of op de waadeilannen wenje. 

Kommende jierren

De ferwachting is dat it tal allochtoanen yn Fryslân de kommende jierren troch de ynstream fan flechtlingen tanimme sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)