Taksysjauffeurs drige mei aksjes

26 nov 2000 - 19:15

Taksysjauffeurs yn Ljouwert drige mei blokkades as it oerlis mei de gemeente moandei neat opsmyt. De sjauffeurs binne lilk oer de nije ferkearssituaasje yn it sintrum fan 'e Fryske haadstêd.

Dat hat fan gefolgen dat der omriden wurde moat en dat fernimme de klanten yn 'e beurs. Benammmen it ienrjochtingsferkear op 'e Earste Kanaalbrêge en de Beursbrêge jout problemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)