Taksysjauffeur berôve

22 feb 2008 - 10:51

In taksysjauffeur út Bûtenpost (32) is tongersdeitenacht yn Ljouwert fan syn beurs bestellen troch in passazjier. Dat barde op de Westerparkstrjitte. Dêr pakte de ûnbekende man de sjauffeur by syn sjaal, luts der hurd oan en easke jild.

De taksysjauffeur joech him de beurs oer. De berôver stapte doe mei syn bút út 'e taksy en naaide út. De plysje siket tsjûgen fan 'e berôving.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)