Taksysjauffeur bedrige

25 feb 2011 - 11:39

In taksysjauffeur is yn Drachten bedrige en omtrint bestellen fan syn taksybuske. Hy hie op de Noarderbuert sân klanten oppikt, mar der ûntstie in skeel oer it beteljen. De groep begûn de man út te skellen. Dy bleau doe stilstean en rûn it buske út. Ien fan de klanten soe mei de taksy fuortride. Omdat der twa foarbygongers oankamen, doarde er dat net mear oan. De sân fertochten binne hurd útnaaid. Twa binne oanhâlden en de plysje wit wa't de oare fiif binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)