Taksyrit sûnder te beteljen

04 des 2009 - 10:20

De plysje hat in Grinzer (18) oanhâlden op fertinking fan oplichting. De man hie mei in freon in taksy naam dy't har fan Grins nei De Lemmer brocht. Doe't de taksy har dêr ôfsette, naaiden de mannen út sûnder te beteljen.

De sjauffeur sette de achterfolging yn. Hy koe Grinzer achterhelje. De man is oerbrocht nei it plysjebureau. Neffens de Grinzer woene hy en syn freon graach nei De Lemmer, mar hiene se gjin jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)