Taksyferfier bern Harns bliuwt

20 jul 2006 - 10:52

Harns skaft it taksyferfier foar bern yn it spesjaal ûnderwiis dochs net ôf. Dat hat de gemeenteried besletten. Earst soe it learlingerferfier yn de gemeente opheft wurde. Skoalbern moasten mar ûnder begelieding mei de bus of mei de trein.

Dat is fan de baan. It taksyferfier foar sokke bern bliuwt bestean. De âlden fan de bern moatte der wol jild bylizze. Dêrby wurdt sjoen nei it ynkommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)