Taksybedriuw Seubers yn opspraak

23 okt 2002 - 00:00

It Drintse taksybedriuw Seubers wurdt foar de rjochter dage troch in útstjoerburo. Seubers fersoarget yn Boarnsterhim it handikapteferfier.

It bedriuw is yn Drinte yn opspraak rekke om't it de leanen fan in tal sjauffeurs net betelle hat. Dat binne sjauffeurs dy't fia in útstjoerburo wurkje. Seubers moat noch 360.000 euro oan efterstallich lean betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)