Taksybedriuw moat cao neilibje

22 okt 2009 - 12:15
  • Direkteur Lammert Wolters fan Taksybedriuw Wolters
  • Ien fan 'e festigings fan Taksybedriuw Wolters

Taksybedriuw Wolters út Drachten moat him tenei hâlde oan 'e cao. Dat hat de rjochter bepaald yn in saak tsjin de ferfierder. De saak tsjinne tongersdei by de rjochtbank op It Hearrenfean.

De rjochtsaak wie oanspand troch it Sosjaal Fûns Taksy, dat oer de wurkbetingsten yn it taksywêzen giet. Wurknimmers en fakbûnen kleie al in pear jier oer taksybedriuw Wolters. Hy soe ûnder oare net goed omgean mei fakânsjedagen en ek ûnfoldwaande pinsjoenpreemjes betelle hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)