Taksy Wolters moat foarkomme

21 okt 2009 - 10:58
  • Wolters soe de cao net neilibje

It Sosjaal Fûns Taksy sleept taksybedriuw Wolters foar de rjochter. Wolters soe him net oan ôfspraken út de taksy-cao hâlde. Der soene samar fakânsjedagen fan sjauffeurs skrast wurde.

Mei nei oanlieding fan klachten fan de fakbûnen hat it fûns no in rjochtsaak oanspand tsjin Wolters. It taksyfûns hat it bedriuw ek alris in twangsom oplein, mar dat hat gjin resultaat opbrocht. De saak tsjinnet tongersdei by it kantongerjocht op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)