Taksy-wanbetellers oanhâlden

02 feb 2010 - 11:01
  • It twatal woe de taksy net betelje en skold de plysje út

De plysje hat moandeitejûn in 55-jierrige man út Oranjewâld en in 48-jierrige frou út Ljouwert oanholden. In taksysjauffeur hie de twa ôfsetten by in camping yn Terkaple, mar se woene net betelje. Omdat dat by de frou al faker it gefal west hie, pakte de plysje har op.

De man út Oranjewâld skold de plysje dêrop út. Dêrfoar waard hy oanholden. Omdat er him bot fersette, hat de plysje him yn de boeien slein. Beide fertochten sitte fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)