Taksy botst op fangrail

31 maaie 2014 - 09:16

In taksysjauffeur is sneontemoarn op de A7 by Fryske Peallen mei syn auto op de fangrail botst. Op it momint fan it ûngelok wienen der wurksumheden oan de dyk. De man ried op in wein fan Rykswettersteat en kaam yn de middenberm ta stilstân.

De taksysjauffeur is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. Ien rydbaan wie tydlik ôfsletten om de taksy ôf te slepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)