Taksy Boekema yn swier waar

06 apr 2011 - 10:23

Taksy Boekema yn Grou sit yn swier waar. Meiwurkers ha al in moanne gjin lean krigen. Mooglik wurdt takom wike it fallisemint oanfrege. Dat seit in wurdfierder fan FNV Bondgenoten.

De 70 personielsleden binne tiisdeitejûn op 'e hichte brocht fan it nijs. Neffens it fakbûn wie it in emosjonele byienkomst. De direksje hat inkeld sein dat it min giet mei it bedriuw en dat it oer is. Minne advizen en konkurrinsje binne de redenen foar it driigjende fallisemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)