Taksaasje mûzeskea yn Fryslân flink leger as earder rûsd

03 jul 2015 - 17:06
  • Mûzeskea

De mûzeskea yn Fryslân wurdt troch it Faunafûns rûsd op 15 miljoen euro. Dat is flink leger as de 73 miljoen dy't earder troch LTO berekkene waard. Dat ferskil komt om't de LTO in lanlike skatting makke hat en ek njoggen moannen earder begûn is mei de taksaasjes.

Dit bedrach hat gjin effekt op in mooglike skeafergoeding. De boeren kin allinnich in liening oanfreegje by de provinsje. Mei in taksaasjerapport kinne boeren ek in liening krije by in bank of ferromming krije fan Europeeske regels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)