Taksaasje grûn Cambuur-stadion

04 mrt 2006 - 00:00

De gemeente Ljouwert lit de wearde fan de grûn fan it Cambuurstadion takseare. De grûn is eigendom fan de gemeente. Dy ferpachtet de grûn oan de fuotbalklub foar 1 euro per jier.

Ien fan de betingsten yn it rêdingsplan foar Cambuur is dat de grûn oergiet nei de Ljouwerter sakelju dy't ek it stadion oankeapje wolle. De gemeente wol in goede priis hawwe foar de grûn, as de ferkeap trochgiet. It taksaasje- rapport moat moandei klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)