Takomstplannen gemeente H'fean

29 jan 2001 - 17:04

Boargemaster De Jonge fan It Hearrenfean ferwachtet net inkeld groei yn de A7sône, mar ek yn relaasje mei Ljouwert. Hy sei dat sneon by de presintaasje fan de takomstfisy fan de gemeente.

Hûnderten ynwenners kamen nei it gemeentehûs om de plannen foar de kommende 25 jier te besjen. Der folget no in diskusjeronde. De polityk nimt de útkomst mei yn de ferkiezingsprogrammen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)