Takomstdebatten oer Fryslân

11 okt 2006 - 09:55

Hoe sjocht Fryslân derút yn 2030? Dy fraach stiet sintraal yn in rige debatten mei de namme 'Fryske fiersichten'. De provinsje wol sa dúdlik krije hokker plannen at der libje en oft dêr draachflak foar is.

De debatten stean ûnder lieding fan in futurolooch en wurde hâlden by kommissaris fan de Keninginne Nijpels thús yn Diken. Tiisdei wie it twadde debat yn de rige. It tema wie 'ûnderwiis en kultuer yn Fryslân'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)