Takomstdebat: wenje op Ofslútdyk

14 sep 2006 - 23:11

Der moatte tusken de trije- en tsientûzen wenten komme op de Ofslútdyk om Fryslân tichter by it Westen te bringen. Mei dat idee kaam Ryksboumaster Mels Crouwel tongersdei op de earste fan fiif gearkomsten fan eksperts oer de takomst fan Fryslân.

Dit takomstdebat is organisearre troch de provinsje. Der kamen tsientallen, miskien wol hûndert ideeën boppe driuwen en hokker idee it hellet is no noch net te sizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)