Takomst ûnwis foar Doeksen

20 jun 2006 - 17:21

Rederij Doeksen sil tenei twa kear neitinke foardat sy ynvestearings dogge yn 'e feartsjinst tusken Harns en Skylge. De takomst is ûnwis no't de ried fan Skylge it iepenbiere tsjinstkontrakt net ûndertekenje wol. De oerienkomst moat de oergang foarmje nei in frije merk. Yn it kontrakt stiet dat de earste oanbesteding nei Doeksen giet. De ried is it dêr net mei iens. Dy wol dat ek oaren in kâns meitsje op it ferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)